Brânwachtleden op Alpe d'Huez

28 sep 2008 - 16:18

Nei in lange perioade fan tarieding stiene snein sân leden fan de brânwacht fan Ljouwert oan de foet fan de Alpe d'Huez yn Frankryk. Joost de Geus fytste yn in toptiid fan ien oere en 13 minuten nei de top fan de berch. Martijn Brouwer, Karin Zomers en Jan Beuving wiene de nûmers twa, trije en fjouwer.

Alle dielnimmers ha it helle nei de top. De fytsers binne sponsore en de opbringst giet nei de Nederlânske brânwûnestifting yn Beverwyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)