De Jouwer wint fan Germania

28 sep 2008 - 16:07

Sneinshaaklasser De Jouwer pakte, lykas ONS Snits juster, op it eigen fjild de earste oerwinning fan it seizoen. Fan Germania út Groesbeek waard mei 4-1 wûn.

Yn in net al te bêste wedstriid pakte de Jouwer de trije punten troch doelpunten fan Peter van der Slot (twa kear), Oane Hornstra en Tarek Hashemi. De Jouwer hat no út fjouwer wedstriden trije punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)