Oanriding troch hynder en wein

28 sep 2008 - 14:20

In ynwenster (50) fan Dokkum is sneon ferwûne rekke doe't se oanriden waard troch in hynder en wein. Se ried op har brommer oer de Mandewyk yn de rjochting fan Bakkefean. Dêr helle se hynder en wein yn.

Dêr skrok it hynder sa fan dat dy hurder begûn te rinnen. Doe't de wein de brommer foarby gong, waard de bestjoerster rekke. Se is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)