Auto yn 'e brân yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
By in lytse brân yn in loads oan de Apollowei yn Ljouwert binne sneon twa ynwenners fan de stêd licht ferwûne rekke. In Ljouwerter (36) wie oan it laskjen oan in auto en wie efkes nei bûten ta rûn. In plakgenoat (53) kaam oanrinnen en seach dat de auto yn 'e brân fleach.
Tegearre besochten se de brân út te meitsjen, mar dat hie gjin doel mear. De warskôge brânwacht hie it fjoer wol gau ûnder kontrôle. De manlju hiene beide smook binnenkrigen.