Fuotbalfjild Tsjom fernield

28 sep 2008 - 13:56

Ien fan de fuotbalfjilden fan fuotbalferiening VV Tsjom is dit wykein slim fernield. Twa manlju binne mei in auto ferskate kearen dwers oer it fjild riden en ha sa foar tsientûzenen euro's oan skea feroarsake.

De beide manlju, in ynwenner (25) fan Tsjom en in ynwenner (21) fan Lollum, wiene earder tongersdeitejûn ek al sjoen by it fjild troch tsjûgen. Mei help fan de tsjûgen koe de plysje de fertochten opspoare en oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)