Wenfestival yn Ljouwert

Goed 10.000 besikers op wenfestival
It Ljouwerter wenfestival hat sneon in goeie tsientûzen besikers lutsen. Yn en om it stedhûs stie it fol mei stands dy't op wat foar wize dan ek mei wenjen te krijen hawwe. Mei bussen koene belangstellenden sels sjen yn de ferskate nijbouwiken.
Om sjen te litten wat der te dwaan is yn de stêd, waarden der ek tagongskaartsjes útdield foar musea, koe men in tochtsje troch de grêften meitsje en de Aldehou beklimme.