Undersyk winkels It Amelân

© Omrop Fryslân
Op It Amelân wurdt meikoarten in ûndersyk dien nei it winkel- en keapgedrach fan de bewenners en toeristen. It ûndersyk wurdt hâlden yn opdracht fan de gemeente, dy't sa útfine wol oft it winkeloanbod op it eilân genôch is.
It ûndersyk begjint 6 oktober en duorret fjirtjin dagen. Studinten fan de NHL yn Ljouwert sille yn dy perioade sawol op strjitte as hûs-oan-hûs enkêtes ôfnimme.