Speedcarving yn Houtigehage

27 sep 2008 - 16:29

Yn Houtigehage waard sneon foar it earst it Nederlânsk kampioenskip speedcarving holden. Njoggen dielnimmers út it hiele lân moasten dêr yn in tiidsbestek fan in oere mei in kettingseage in houtskulptuer meitsje. Dy moast foarm krije út in stik hout fan ien meter tritich by tritich sintimeter.

Under de dielnimmers wiene trije Friezen. It publyk wiisde de winner oan, de opbringst giet nei in goed doel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)