'Slach by Warns' nei rjochter

De organisaasje fan de Slach by Warns besiket fia de rjochter in stik greide by it Reaklif werom te krijen. Dat waard sneontemiddei sein by de jierlikse betinking fan de Slach by Warns yn 1345. Dy betinking wurdt hâlden by de stien mei de tekst Leaver dea as slaef op it Reaklif.
Neffens de organisaasje hat in buorman it stik greide yllegaal yn gebrûk nommen. Omdat se der mei praten net útkomme, wurdt no de help fan de rjochter ynroppen.