Winkellju tsjin ferhúzjen merk

27 sep 2008 - 14:47

De winkellju fan Nijstêd-Wurdumerdyk yn Ljouwert komme yn aksje tsjin de plannen om de freedsmerk te ferhúzjen nei har winkelstrjitten. Sy binne ûnder oaren benaud foar it sakjen fan de omset as de merk by de ferbouwing fan it Saailân ferpleatst wurdt.

De winkeliers hawwe har beswieren al earder bekend makke oan boargemaster en wethâlders, mar de plannen lykje al fêst te lizzen. De gemeente sil nije wike in ynformaasjejûn hâlde, mar dat keart de aksje fan de winkellju net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)