Man sliepend mei auto yn feart

27 sep 2008 - 14:27

De bestjoerder fan in bestelbuske is freedtenacht wekker makke troch de plysje, wylst er mei syn buske yn de feart stie. Earder op de jûn hie de man op De Jouwer al in boete foar wyldpisjen krigen, wêrnei't omstanners de plysje warskôgen dat de dronken man mei de auto nei hûs woe.

Nei healwei trijen waard it buske yn de feart by Akkrum fûn. De 23-jierrige Hearrenfeaner lei te sliepen achter it stjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)