19 skoallen ûnder ien bestjoer
De njoggentjin iepenbiere basisskoallen fan Menameradiel, Ferwerderadiel, It Bilt en Ljouwerteradiel kinne tenei fierder ûnder ien bestjoer en ien namme. As ûnderwiisgroep Fier hoopje se better ûnderwiis oanbiede te kinnen.
Se bondelje de krêften finansjeel, mar wolle ek besjen oft se personiel útwikselje kinne.