'Mearderheid tsjin Poortje'

27 sep 2008 - 08:18

It grutste diel fan de ynwenners fan de wyk It Hearrenfean Noard is tsjin de komst fan in fêstiging fan jeugdfinzenis Het Poortje. Dat seit de aksjegroep Heerenveen Noord. Dy hat rom tûzen ynwenners fan de wyk frege nei har miening oer Het Poortje.

Ut de enkête blykt dat 3,6 prosint foar de komst fan de jeugdfinzenis nei de foarstelde lokaasje is, rom 85 prosint is tsjin. Neffens de aksjegroep kin it kolleezje no net oars as de plannen net trochgean litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)