Grouster slingeret oer de dyk

© Omrop Fryslân
De plysje hat freed it rydbewiis ynnommen fan in 26-jierrige man út Grou. De plysje seach dat de autobestjoerder yn Garyp slingerjend oer de dyk ried. Hy kaam dêrby ek op de linkerbaan telâne.
De bestjoerder fan in auto dy't fan de oare kant kaam koe in frontale botsing foarkomme troch nei rjochts te gean en stil te stean. Eefkes fierderop sette de plysje de Grouster oan de kant. Hy moast mei nei it buro. Dêr moast er syn rydbewiis achterlitte.