Skjinmakaksje op Skylge

26 sep 2008 - 20:39

Sa'n 135 minsken sille sneon oan de gong mei it himmeljen fan it natuergebiet De Boschplaat op Skylge. It giet om frijwilligers, leden en freonen fan de Waadferiening. Op De Boschplaat leit faak hiel wat smoargens, sa as plastic en flessen. Dat komt foaral út see.

De himmelaksje is ûnderdiel fan it 'Waddenwerkweekend'. Dat is opsetten troch de Waadferiening, yn gearwurking mei Steatsboskbehear, Rykswettersteat en de gemeente Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)