Bûtenlânske gasten yn Koudum

© Omrop Fryslân
Koudum krijt dit wykein tûzen gasten út it bûtenlân. Se binne hjir foar de útrikking fan de Europeeske Doarpsfernijingspriis. Dy titel wûn Koudum yn 2006. It doarp hat in grutte opknapbeurt hân. It wenjen en doarpslibben is der mei jild fan Europa in stik nofliker op wurden foar de lytse trijetûzen ynwenners fan it doarp yn de gemeente Nijefurd.
It Italjaanske Sand in Taufers krijt dit jier de Europeeske priis foar doarpsfernijing.