IM: net ferantwurdlik

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje fielt him net ferantwurdlik foar de flater by it fraude-ûndersyk yn Dongeradiel. Troch in ferkearde beoardieling by de belestingtsjinst is de finansjele gong fan saken by de bou fan it gemeentehûs besjoen. De gemeente krige jild werom troch de nota letter yn te tsjinjen. De belestingtsjinst tocht dat dat net mocht en begûn in strafrjochterlik ûndersyk.
Nei in beswierproseduere die bliken dat de gemeente yn syn rjocht stie.