Shakespeare foar bern

© Omrop Fryslân
Keunstesintrum Parnas yn Ljouwert begjint yn oktober mei de audysjes fan in bysûnder teaterprojekt 'Shakespeare voor kinderen'. Jongeren tusken de acht en trettjin jier wurkje oan twa stikken fan William Shakespeare. Fan 1 novimber ôf wurde de stikken op tweintich sneonen ynstudearre. It wurdt yn juny 2009 opfierd.
Parnas ûndersiket de mooglikheid oft de foarstellingen op it binnenplein fan de eardere finzenis de Blokhúspoarte spile wurde kinne.