Himdykbrêge moandei wer klear

26 sep 2008 - 13:43

De Himdykbrêge yn Akkrum wurdt moandei wer iepensteld foar ferkear. De beweechbere brêge is om finansjele redenen ferfongen troch in fêste betonnen brêge.

De wurksumheden hawwe sa'n fjouwer moannen duorre. Foar auto's wie der in needbrêge beskikber en fytsers en fuortgongers waarden omlaat fia de Smellebrêge. De needbrêge soarge noch wol foar lûdsproblemen, om't der planken los leinen op de brêge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)