Undersyk nei Lutine is begûn

Skilderij fan 'e Lutine
Op de Waadsee is freed it ûndersyk nei de resten fan it goudskip De Lutine begûn. Dat fergie yn 1799 tusken Flylân en Skylge.
It ûndersyk wurdt dien fan in grut platfoarm ôf. Dat is de ôfrûne wiken yn de haven fan Harns boud. Oan board binne tolve minsken. Se ûndersykje de oarsaak fan it sinken fan De Lutine troch alle oerbliuwels dy't earder al yn kaart brocht binne, nochris goed te besjen. Oft der ek goud fûn wurdt, is net dúdlik.