Brok: grûnwetdiskusje te smel

Arno Brok
Boargemaster Arno Brok fan Snits neamt de diskusje oer it Frysk yn 'e grûnwet 'te smel'. Nije wike woansdei giet in busfol Fryske politisy en bewegers nei Den Haach om te pleitsjen foar it Frysk yn 'e grûnwet.
Dy diskusje hat benammen in symboalyske wearde, sa seit Brok. It goed regeljen fan Frysk op skoalle fynt Brok wichtiger. It plan fan minister Ter Horst om it taalbelied oer te dragen fan ryk nei provinsje kin dêrby helpe, sa seit Brok.