Ljouwert nei beurs oer wetter

Van Hall Larenstein stiet op wetterbeurs
Fjouwer noardlike bedriuwen presintearje har takom wike op Aquatech Amsterdam. Dat is de grutste fakbeurs oer drink- en ôffalwetter. De bedriuwen krije stipe fan Van Hall Larenstein, de gemeente Ljouwert en de Noardlike Untwikkelingsmaatskippij.
De bedriuwen litte nije ûntwikkelingen sjen. Ljouwert jout omtinken oan de mooglikheden fan de stêd foar de wettertechnologysektor. Ynstituten as Wetsus en Van Hall Larenstein sitte al yn Ljouwert.