Letter beslút oer gas by Ie

mooglik wurdt gas wûn by Ie
Dongeradiel stelt in beslút foar frijstelling foar in gaswinlokaasje by Ie út. Wethâlder Appelhof wol earst prate mei de Nederlandse Aardolie Maatschappij om te sjen oft der ûndersyk dien is nei alternative lokaasjes.
De PvdA wol de gaswinninglokaasjes it leafst ticht by elkoar hâlde, sadat it lânskip sa min mooglik oantaast wurdt. De gemeente hat inkeld wat te sizzen oer it planologysk aspekt en net oer de gaswinning sels.