Beker: Cambuur út, H'fean thús
SC Cambuur moat it yn de tredde ronde fan de KNVB-beker opnimme tsjin Sparta Rotterdam. De Ljouwerters spylje in útwedstriid tsjin de earedivyzjonist. Sportclub Hearrenfean lotte sneinshaadklasser Haaglandia út Rijswijk. Dy wedstriid wurdt spile yn it Abe Lenstra stadion.
De tredde bekerronde wurdt spile op 11, 12 of 13 novimber.