VVD: SAR mei hjir bliuwe

25 sep 2008 - 21:20

De SAR-helikopters hoege net te ferhúzjen fan Ljouwert nei Den Helder as de provinsje en de gemeenten hjir jild op it kleed lizze. Dat seit VVD-Twadde Keamerlid Hans_van_Baalen.

De luchtmacht fynt dat it effisjinter is om de helikopters nei basis De Kooi yn Den Helder te ferhúzjen. Mar as gemeenten en provinsje meibetelje, dan hoecht de tsjinst net fuort, seit de VVD'er. Dêrby fynt er dat help dy't yn 'e haast nedich is altiten foarrang krije moat, wêr't de lokaasje ek is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)