Ynternet foar sike bern

© Omrop Fryslân
Op de berne-ôfdieling fan it Antonius-Sikehûs yn Snits kinne bern oan 'e ein fan dit jier op bêd ynternette. De stifting Michael Wings hat in ICT-systeem fan 15.000 euro skonken dat op alle keamers triedleas ynternet mooglik makket. Mei ynternet kinne sike bern kontakt hâlde mei skoalle, mar ek mei famylje en freonen.
Doel fan de stifting is om yn alle sikehûzen fan Nederlân sa'n systeem oan te lizzen. Ynternet is wichtich om bern út harren isolemint te heljen.