Fraude Dongeradiel seponeard

25 sep 2008 - 17:36

De gemeente Dongeradiel wurdt net ferfolge foar belestingfraude en falskheid yn geskriften. It Iepenbier Ministearje hat de saak seponeard. Boargemaster Baas sei dat tongersdei oan it begjin fan de riedsgearkomste.

De gemeente soe ûnterjochte 220.000 euro BTW weromfrege hawwe by de nijbou fan it gemeentehûs. In jier ferlyn die de FIOD in ynfal yn it gemeentehûs. No seit it Iepenbier Ministearje dat der nea grûn west hat foar ferfolging en dat de belestingtsjinst in flater makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)