Holwerter feart oergroeid

© Omrop Fryslân
Boatsjefarders yn Holwert kinne net troch de feart nei de haven fan it doarp. Dy feart is tichtgroeid. Earder helle it wetterskip de planten derút, mar sûnt 1 augustus moat de gemeente Dongeradiel it dwaan. Dy hat lykwols noch neat dien.
De behearder fan 'e haven fynt dat de gemeente gau yn aksje komme moat, want de measte boaten moatte foar 1 oktober yn 'e winterstalling. De gemeente seit op koarte termyn gjin jild foar de hekkelkosten te hawwen.