Maachi ûnwis foar Go Ahead

25 sep 2008 - 13:41
  • Nassir Maachi

SC_Cambuur-oanfaller Nassir_Maachi kin freed mooglik net spylje tsjin Go Ahead Eagles. Hy is siik en trainde tongersdei net mei. As er net fit genôch is, spilet Marc_Mboua op syn posysje.

Fierder woe trainer Stanley_Menzo neat sizze oer de opstelling. Nei alle gedachten sil er net in protte feroarje nei de bekeroerwinning op Zwolle. Koen_Brack is seker net ynsetber. Hy is twa wiken útskeakele mei in blessuere oan it kût.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)