Twa plakken foar nij Thialf

25 sep 2008 - 12:24
  • Thialf: twa mooglikheden foar nijbou

Der binne twa lokaasjes yn byld foar in nij iisstadion Thialf. In advysburo hat de helberens fan in ferhuzing nei in plak yn de buert fan it Abe Lenstra Stadion ûndersocht. De nije lokaasjes binne oan 'e noardkant fan it stadion of oan 'e oare kant fan 'e autodyk A32. In tredde mooglikheid is in nije iishal op it plak dêr't Thialf no is.

Thialf wol mear besikers ûntfange kinne. Fierder wol it mear oansluting mei Sportstêd Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)