Gjin operaasje foar Janmaat

Daryl Janmaat
Hearrenfeanspiler Daryl_Janmaat wurdt dochs net operearre. De rjochtsback hat al in tiid lêst fan syn ljisk. It like derop dat Janmaat ûnder it mes moast en minimaal seis wike net spylje soe. Nei oerlis mei clubarts Mencke is dochs besletten dat it better is om gjin operaasje te ûndergean.
It is noch net wis wannear't Janmaat wer spylje kin. Hy mist yn alle gefallen de wedstriden tsjin NAC_Breda en Vitória_Setúbal. Geert_Arend_Roorda wurdt ynkoarten wol operearre.