Hurdriders trapearre

25 sep 2008 - 10:21

In man (62) út Bitgum is woansdei syn rydbewiis kwytrekke nei't er hast 80 km te hurd ried op in 60 km-dyk. Hy ried mei hast 120 km yn 'e oere op de Iedyk by Wânswert. De plysje gie derachteroan en meat fierderop nochris 140. By Burdaard waard de man oanhâlden en moast er syn rydbewiis ynleverje.

Yn Haskerdiken is it rydbewiis ynnommen fan in motorrider (34) út Terherne. De man ried 70 kilometer te hurd op in 80 km-dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)