Fragen oer miljarde-liening

© Omrop Fryslân
It CDA yn de steaten is benaud dat boargers aanst opdraaie foar de miljarden skuld fan enerzjybedriuwen. Nuon, Essent en Eneco liene op dit stuit miljarden euro's foar ûnderhâld fan it netwurk.
Yn 2011 wurde de netwurkbedriuwen lykwols selsstannich en dan bliuwe de enerzjybedriuwen mei in skuld fan mear as 10 miljard sitten. Dit kostet de boarger yn de takomst jierliks 90 euro ekstra. As oandielhâlder moat de provinsje yngripe, sa fynt it CDA.