Misdaad Anoniem nei De Jouwer

Fernieling mei Ald en Nij op 'e Jouwer
De plysje en de gemeente Skarsterlân starte tongersdei mei in aksje fan Meld Misdaad Anoniem. It projekt hjit 'jouw maat kickt op bushokjes in Joure' en is bedoeld om it tal fernielings op De Jouwer te ferminderjen. Yn ferhâlding wurdt der yn Skarsterlân in protte fernield.
By de aksje leit de klam op de meldingsplicht fan jongerein. Sy wurde oproppen de fernielings fan harren freonen te melden by it meldpunt. De aksje fynt plak by de Jouster Merke.