Fjirde nije brêge foar Warkum

24 sep 2008 - 20:29

De stasjonsbrêge yn de Spoardyk by Warkum wurdt oer in pear dagen ferfongen troch in betonnen brêge. Oer de nije brêge kinne sawol fytsers, automobilisten as kuierders. De ferfanging makket diel út fan it Fryske Marreprojekt.

Earder waarden al trije oare brêgen oanpakt. De nije brêge krijt in hichte fan trije meter. Sa kinne der mear skippen in rûntsje om Koudum hinne meitsje. Ek de farferbining nei Hylpen wurdt op dizze wize oanpast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)