Eilannen ha skjinne strannen

24 sep 2008 - 20:26

De strannen fan Flylân en Skiermûntseach heare by de tsien skjinste strannen fan Nederlân. It strân mei de minste troep is te finen yn de gemeente Sluis yn Seelân. Yn de ferkiezing fan de Gouden Wimpel einige Flylân op it tsiende plak en Skiermûntseach op it sânde plak.

It strân fan It Amelân wûn ferline jier noch de ferkiezing, mar is dit jier net werom te finen by de skjinste strannen fan Nederlân. De Gouden Wimpel is in test fan de ANWB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)