Aksje 'Frysk yn grûnwet'

24 sep 2008 - 17:33

Steateleden en deputearren reizgje op 1 oktober mei de bus nei Den Haach ta om it Frysk yn 'e grûnwet te krijen. Kommissaris fan 'e Keninginne Jorritsma giet ek mei. Se wolle mei Twadde-Keamerleden prate om foar te kommen dat inkeld de Nederlânske taal yn 'e grûnwet opnaam wurdt. It Frysk soe dan syn status ferlieze.

Minsken dy't ek mei wolle, kinne harren opjaan by it Provinsjehûs. De bussen sette om ien oere middeis ôf út Ljouwert wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)