Keamerfragen oer Fryske plysje

It nije plysjeburo yn Ljouwert
It CDA en de PvdA yn de Twadde Keamer wolle opheldering oer de 69 miljoen euro dy't de nijbou fan de Fryske plysjeburo's djoerder útfallen is. Se stelle fragen oan minister Guusje ter Horst fan Ynlânske Saken.
De Fryske plysje makke it nijs fan 'e folle hegere kosten woansdei bekend. Oarsaken binne de grûnprizen foar nijbou yn plak fan ferbou. Korpssjef Berndsen fan 'e Fryske plysje hopet op mear jild fan it Ryk. Der falle gjin ûntslaggen, sei se.