Plan Frjentsjer ûnjildich
De Rie fan Steat hat it bestimmingsplan foar de westlike wengebieten yn Frjentsjer fan 'e gemeente Frjentsjeradiel ûnjildich ferklearre. Twa undernimmers hiene beswier oantekene tsjin it plan. De Rie fan Steat hat besluten dat dy beswieren terjochte binne.
De gemeente siket noch út wat de konsekwinsjes fan 'e ûnjildichferklearring binne. De provinsje Fryslân koe woansdei noch mei in reaksje komme.