Plysje hat 69 miljoen tekoart

24 sep 2008 - 12:10

De kosten fan nijbou en ferbou fan ferskate plysjeburo's yn 'e provinsje falle 69 miljoen euro djoerder út as earst begrutte wie. Dat hat de plysje woansdei bekendmakke op in parsekonferinsje. Der is in ûndersyk oankundige nei de oarsaak dêrfan.

Neffens korpssjef Berndsen giet de nijbou dy't pland is gewoan troch. Der sille ek gjin minsken ûntslein wurde. Berndsen hopet op ekstra jild fan it ryk, ek as kompensaasje foar de fjouwer Waadeilannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)