Wetterskipferkiezings feilich

24 sep 2008 - 11:52

Wetterskip Fryslân lûkt him neat oan fan it koart pleit tsjin it wetterskip Rijnland. Aksjegroep 'Wij vertrouwen stemcomputers niet' stapt nei de rjochter om't de ferkiezings fan oankommende novimber net feilich wêze soene.

Fia de stimbiljetten soe namme, adres en politike kleur fan 'e stimmer te achterheljen wêze. Dêrmei wurdt it stimgeheim skeind, seit de aksjegroep. Wetterskip Fryslân set de tariedings foar de ferkiezings gewoan troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)