Wenjen op skip ferbean

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Nijefurd mei net op in skip yn 'e jachthaven Galamadammen by Koudum wenje. Dat hat de Rie fan Steat woansdei besletten. Earder al bepaalde de gemeente dat de man net yn 'e haven wenje mei. Dy gie dêr by de rjochtbank tsjin yn berop. Dat berop ferlear er. It berop by de Rie fan Steat hat de Nijefurder no ferlern.
De man mei ek net mei syn skip op in oar plak yn 'e gemeente lizze.