Plysje pakt fiskstreuper

24 sep 2008 - 10:25

In sportfisker út Sleat is moandei oanhâlden foar fiskstreuperij. De plysje kaam de 46-jierrige man op it wetter tsjin, mar doe't se him oansprutsen smiet er gau de fiskkoffer oerboard. Yn 'e koffer sieten yn fjirtjin snoekbearzen. Yn 'e boat leine fjouwer angels klear foar gebrûk. De plysje hat de fisk en de angels yn beslach naam.

De plysje is al jierren tige wach op fiskstreupers om't dy foar in soad skea soargje soene yn de natuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)