Lang ûndersyk nei fytstunnel
De gemeente Ljouwert lûkt trije moannen út foar ûndersyk nei in fytstunnel ûnder it Eastergoplein. Dêrmei riskearret de gemeente problemen mei de subsydzje fan it Ryk. Is de tunnel net foar 2010 klear, dan ferfalt de subsydzje.
B en W wolle leaver in brêge oer it drokke ferkearplein, mar de ried keas foar in tunnel. Wethâlder Krol hopet dat de tunnel foar in part betelle wurde kin út kompensaasjejild foar it net trochgean fan 'e Suderseeline.