Gjin ljochtproef Ketlik mear

It wie tsjuster yn it bûtengebiet
De gemeente It Hearrenfean giet net mear fierder mei de ljochtproef yn Ketlik en omkriten. De ynwenners fan Ketlik binne net tefreden oer de proef en de gemeente hat nei evaluaasje besletten net fierder te gean.
De proef hâlde ûnder oare yn dat der folle minder lampen yn it bûtengebiet stiene. Dat wie neffens de ynwenners lykwols net feilich genôch.