Hoareka lilk op boargemaster

Hoareka net bliid mei plannen
Hoareka-ûndernimmers yn Noardeast-Fryslân binne poerrazend op boargemaster Bilker fan Kollumerlân. Bilker wol dat de hoareka de doarren earder op de jûn ticht docht foar nije besikers. Neffens him soene de jongeren dan ek earder op de jûn nei de kroech ta gean. En dat soe dan wer it drankmisbrûk tsjin gean.
De fiif gemeenten yn Noard-east Fryslân soene meikoarten mei dizze plannen begjinne wolle.