Pranjic en Kalou blessearre

Meispyljen Pranjic ûnwis
It is noch ûnwis oft Danijel Pranjic woansdei yn it bekerduel tsjin MVV meidwaan kin. De Kroaat foel snein tsjin NEC Nijmegen út mei in hamstringblessuere. Ek Bonaventura Kalou hat lêst fan syn hamstring. Hy foel moandei by de beloften út en it is noch net wis oft er meidwaan kin.
Daryl Janmaat is der yn Maastricht ek net by. Hy hat noch lêst fan in ljiskblessuere. Tiisdei wurdt besjoen oft er opereard wurde moat. Dan is er seis wike útskeakele.