Eardere talittingstiden kafees

Doar disko's earder op slot
Gjin eardere slutingstiden mar eardere talittingstiden om it alkoholgebrûk fan de jongerein te ferminderjen. Dat wolle fiif gemeenten yn Noardeast Fryslân, werûnder Kollumerlân en Tytsjerksteradiel.
In fêste slutingstiid wurket neffens de gemeenten net, omdat der earder oerlêst op strjitte komt as alle stappers tagelyk nei bûten komme. Mar sy sjogge wol wat yn in fêste talittingstiid. Nei dy tiid meie minsken der dan net mear yn.