Earmbannen en disel stellen

© Omrop Fryslân
Ut in winkel oan de Nijstêd yn Ljouwert binne moandei in tal gouden earmbannen stellen. In ûnbekende man iepene de fitrine yn de winkel en pakte de earmbannen en naaide út. In tsjûge hat noch besocht de man te achterheljen, mar dat is net slagge. De plysje is no nei him op syk.
By in bedriuw yn Harns is dit wykein 450 liter diseloalje stellen. De oalje is út trije frachtauto's by it bedriuw helle. It giet om in bedriuw oan de Nije Fiskershaven.