Nochris 13 TBC-besmettings

© Omrop Fryslân
By de Rabobank yn Snits binne nochris trettjin minsken besmet mei TBC. Dat docht bliken út ûndersyk fan de GGD. Dy begûn it ûndersyk neidat by in 39-jierrige meiwurkster fan de bank iepen TBC ûntdutsen wie.
De trettjin bankmeiwurkers binne noch net siik. Om foar te kommen dat se dat wol wurde, wurde se behannele mei medisinen. Earder waarden by de bank santjin besmettings fûn.